Kollumerlân moat 6 ton besunigje

18 maaie 2005 - 08:04

De tariven foar in boufergunning yn de gemeente Kollumerlân gean mei goed in tredde omheech. It ynsammeljen fan it gft-ôffal giet werom nei ien kear yn de fjirtjin dagen. Dat binne twa foarstellen fan it kolleezje fan Kollumerlân.

De gemeente moat goed 6,4 ton besunigje om it begruttingstekoart op te lossen. Foar dit jier binne de reserves al oansprutsen. De gemeente besiket dat werom te draaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)