Heger berop tsjin Awa ein juny

18 maaie 2005 - 07:38

It heger berop yn de saak-Awa wurdt op moandei 27 juny by it gerjochtshôf yn Ljouwert behannele. Awa (17) waard yn desimber foar de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta oardel jier sel en tbs om't er syn freondinne mei terpentine yn 'e brân stutsen hie.

Awa giet yn heger berop om't er it der net mei iens is dat er as folwoeksene berjochte wurdt. It is net dúdlik oft de saak foar it hôf iepenbier behannele wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)