Foarferkeap Wâldrock rint min

17 maaie 2005 - 15:45

It rint net stoarm by foarferkeap fan de kaarten foar Wâldrock. Ek it Fryske festival merkt dat de drokte op festivals tebekrint. Sa wiene der op Pinkpop moandei mar 20.000 man.

Wâldrock hat no 3.000 kaarten ferkocht. Dat is ûngefear in kwart minder as oars. Om út te kinnen moat Wâldrock sântûzen besikers lûke. De organisaasje giet der fan út dat dat wol helle wurdt. In soad minsken beslisse altyd op it lêste momint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)