Minnertsgea superieur op Bûns

© Omrop Fryslân
Minnertsgea hat moandei yn Frjentsjer de Bûnspartij wûn. Jacob en Chris Wassenaar en Cornelis Terpstra wienen mei 5-1, 6-2 te sterk foar Berltsum, mei Auke en Bauke van der Graaf en Marten Feenstra. Goaiingea waard tredde.
Minnertsgea hie yn seis partijen foar de finale mar fiif earsten tsjinkrigen. De finale wie ien dy't ferwachte wie, tusken twa op papier sterke partoeren. Berltsum wie de winner fan ferline jier, Minnertsgea fan 2001 en 2003.