Helms by Alvestêdetocht

© Omrop Fryslân
Yn Boalsert binne moandeitemoarn de dielnimmers oan de 58ste nei-oarlochse fytsalvestêdetocht ûnderweis gien. De earste groep is al om fiif oere moarns úteinset. De fysters hawwe oant tolve oere yn de nacht de tiid om oer de streek te kommen yn Boalsert.
Nij dit jier is dat in fytshelm ferplichte is. Sa'n santich persint fan de dielnimmers hat in helm op, skat de organisaasje. Fjouwer dielnimmers fytse de tocht foar de fyftichste kear.