70ste motor-alvestêdetocht

© Omrop Fryslân
Tûzenen motorriders diene Pinkstermoandei mei oan de santichste motor-alvestêdetocht. De rûte begûn en einige yn Ljouwert.
It evenemint waard organisearre troch de Friesche Motorclub. Dielnimmers koene meidwaan mei auto, motorfyts, motorscooter of trike. Der mochten maksimaal 3.600 foertugen meidwaan. Minsken dy't de tocht útriden, krigen in alvestêdeplakette.