Meibetelje oan alvestêderûte

16 maaie 2005 - 15:26

Seis gemeenten oan it noardlik diel fan de alvestêderûte moatte mei inoar in miljoen bydrage oan it befarber meitsjen fan de rûte. It grutste diel fan de bydrage komt fan de gemeenten Ljouwerteradiel en it Bildt. Dy moatte beide 250.000 euro betelje.

De gemeenten wolle de alvestêderûte befarber meitsje om mear toeristen te lûken. Dêr soene de hoareka en de rekreaasjebransj fan profiteare moatte. De kosten binne dik 5 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)