Bussen meie wer hurder ride

16 maaie 2005 - 15:26

Touringcarbussen meie op 'e grutte diken wer 100 ynstee fan 80 kilometer yn 'e oere ride. Ynternasjonaal Touringcarbedriuw Sjollema (ITS) fan Boalsert is it earste Fryske busbedriuw dat fan de nije regel gebrûk meitsje sil. ITS hat acht toeringcars.

Eigner Henk Sjollema ferwachtet dat der no folle effisjinter reizge wurde kin. De bussen sille no ek gjin lêst mear ha fan frachtauto's, want dy meie ek yn de takomst mar 80 kilometer yn 'e oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)