Aardich waar foar fytsers

© Omrop Fryslân
De 15.000 dielnimmers oan de fytsalvestêdetocht ha moandei aardich waar troffen. Oant fier yn de middei bleau it droech, en it waaide kwalik. It tal dielnimmers wie it maksimale dat meidwaan koe. Dat waard pas helle nei in publisiteitskampanje, want it gong earst net sa hurd mei de oanmeldings.
Fan fiif oere ôf giene de fytsers fuort yn groepen fan 600. Elke acht minuten wie der in start. De earsten wiene om healwei trijen wer by de streek.