Nije opbierromte op Skylge

© Omrop Fryslân
B en W fan Skylge wolle jild stekke yn de bou fan in nije opbierromte op it eilân. De hjoeddeiske romte by soarchsintrum de Stile wurdt ynkoarten ôfbrutsen, fanwege nijbou fan it sintrum.
De aula wurdt ek ôfbrutsen, dy wurdt net ferfongen. It soarchsintrum hat dêr gjin jild foar. De gemeente en de begraffenisûndernimmer sjogge ek neat yn in nije aula, omdat dy te min brûkt wurdt om út te kinnen.