Burgum - Hoogezand: 2 - 1

16 maaie 2005 - 12:04

VV Burgum wûn snein yn 'e striid om promoasje nei de earste klasse mei 2-1 fan Hoogezand. Sjoen it grutte tal kânsen hie de útslach folle heger útfalle moatten. Burgum kaam al nei 18 minuten foar troch Klaas de Boer.

Yn 'e 30ste minút waard it 1-1. Dêrnei kreëarden de Burgumers noch in hiel soad kânsen. De 2-1 fan op 'e nij Klaas de Boer foel pas yn 'e ekstra tiid. Woansdei spilet Burgum de return yn Hoogezand.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)