Rekord mei de trein útsteld

© Omrop Fryslân
De fiif studinten fan 'e NHL yn Ljouwert dy't no woansdei it rekord treinreizgjen ferbetterje woene hawwe har plannen útsteld. De studinten woene it rekord treinreizgjen op ien dei út 1986 ferbetterje. Yn dat jier leine studinten 1256 kilometer ôf yn ien dei.
Oare studinten hawwe de NHL-ploech lykwols foar west en koartlyn al 1334 kilometer reizge op ien dei. De Ljouwerter studinten besykje no in rûte te finen dy't noch langer is.