FK foardracht yn De Lawei

15 maaie 2005 - 13:26

By it Frysk kampioenskip foardragen foar basisskoallen hawwe 23 skoalbern freed sjen litten dat Frysk en poëzij noch hieltyd libje. It kampioenskip waard foar de tredde kear hâlden, yn Drachten. It wie in spannende striid, want it ferskil yn punten tusken de nûmers ien, twa en trije wie hiel lyts.

Opfallend is dat der net ien dielnimmer út de stêd kaam. En fan de kandidaten binne der mar seis jongens. Winner waard Martin Rienstra fan Wommels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)