Natoermuseum Dokkum giet ticht

It natoermusuem fan Dokkum giet nije wike nei 60 jier ticht. It natoermuseum moat slute omdat it ûnderkommen, de eardere Frânske skoalle, ferâldere is. De gemeente Dongeradiel wol lykwols net meibetelje oan renovaasje en wol it gebou ferkeapje. Dongeradiel jout ek gjin jild mear om de begrutting slutend te meitsjen. Pogingen om it museum yn gearwurking mei oare natoeredukaasjeorganisaasjes iepen te hâlden, binne op neat útrûn.
It natoermuseum ferdwynt lykwols net hielendal: ynkoarten iepenet in natoeredukaasjesintrum de doarren.