Ungelok Aldlânsdyk Ljouwert

14 maaie 2005 - 15:08

Op de Aldlânsdyk yn Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon in auto yn 'e slip rekke en op in beam botst. Dat bard flak foar de brêge oer de Greuns by finzenis De Marwei. Yn de auto sieten trije persoanen, wêrûnder in jonge fan 13 jier.

De brânwacht hat de slachtoffers út de auto helle. Alle trije binne se nei it sikehûs brocht. Ien fan harren wie der sa min oan ta dat er oerbrocht is nei it Akademysk Sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)