Mear dasseburchten yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân binne sa'n 75 dasseburchten dêr't mei inoar 250 dassen yn libje. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan de provinsje, steatsboskbehear en it Fryske Gea.
Foaral yn it súdeasten binne folle mear burchten fûn as ferwachte. Yn Gaasterlân-Sleat binne goed 30 burchten fûn, in bytsje mear as by eardere tellings. De gegevens wurde brûkt om maatregels te betinken om foar te kommen dat dassen deariden wurde.