Minder besikers Opera Spangea

© Omrop Fryslân
Opera Spangea hat te krijen mei ôffallende besikerstallen. By ien fan de twa opfierings yn Ljouwert wiene mar 35 minsken. Regisseur Van Eijk is teloarsteld oer de sifers. Neffens har is der sprake fan in algehiele malêze by ditsoarte opfierings. Ek yn oare plakken lykas Amsterdam en Breda rûn it net goed mei de opera Spangea.
Fanwege de mindere ynkomsten moat der besunige wurde op de foarstelling fan takom jier, sa seit Van Eijk.