Wagenborg fiert jubileum

© Omrop Fryslân
Museum Sorgdrager op It Amelan jout de kommende tiid omtinken oan it 100-jierrich bestean fan rederij Wagenborg. De rederij fersoarget de oertocht nei it eilân.
De earste feartsjinst wie 100 jier ferlyn tusken Delfsyl en Emden. Letter kamen dêr tsjinsten nei Borkum, Norderney, Skiermûntseach en It Amelân by. De útstalling lit de skiednis fan it bedriuw sjen. De iepening wie freed troch direkteur Van Langen.