"Minsken fuortpest út doarpen"

14 maaie 2005 - 10:53

Yn doarpen yn Dongeradiel wurde minsken fuortnarre troch jongeren. Dat sei in ynwenner fan ien fan de doarpen tongersdei yn in riedskommisje. De man woe anonym bliuwe, omdat er sels ek mei pesterijen te krijen hat. Hy is benaud foar wraakaksjes.

Seker fiif famyljes soene ferhuze wêze omdat se bot narre waarden. De riedskommisje is skrokken fan it ferhaal fan de man en wol der ynkoarten oer trochprate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)