"Mear plysjes op it wetter"

© Omrop Fryslân
Yn de Súdwesthoeke moat mear plysje komme om de saken op it wetter better yn de gaten te hâlden. Dat wol boargemaster Brok fan Snits.
It Korps Landelijke Politiediensten (KLPD) besuniget op kontrôle op marren en kanalen. Neffens Brok soarget dat foar problemen. Hy hat soargen oer de plysje op it wetter. Brok seit dat der in soad oerlêst op it wetter is en dat der dêrom in protte te kontrolearjen falt.