Makkum leefber nei oername werf

14 maaie 2005 - 10:49

De oername fan skipswerf Amels fan Makkum hâldt it doarp leefber. Neffens pleatslik belang hie it foar it doarp in lytse ramp west as de werf echt tichtgien wie.

Skipswerf de Vries út Aalsmeer nimt de werf oer fan de Damengroep, sa waard tongersdei bekend. Dêrtroch bliuwt der wurk foar 85 fan de 175 personielsleden. In grut part fan it personiel hat al oar wurk of koe earder mei pensjoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)