Nije pingo-fytsrûte iepene

13 maaie 2005 - 14:31

Yn Bûtenpost is freed in fytsrûte by pingo's del iepene. De rûte giet by tweintich pingo's yn de hiele gemeente del. Hy giet oer 20 of 30 kilometer en kin ek rûn wurde. De rûte is opset troch de stifting IJstijdenmuseum.

Pingo's binne lytse markes dy't nei de lêste iistiid ûntstien binne. Neidat de iiskap him weromlutsen hie, bleaune der ûnder de grûn in protte grutte iisklompen oer. Doe't dy teiden, bleaunen der pingo's fan oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)