Yllegale eksport fan dong

13 maaie 2005 - 10:04

In 34-jierrige transporteur út Súdwest- Fryslân is trapearre op it yllegale útfieren fan dong nei it bûtenlân. Hy hat it spul sûnder fergunnigs en sûnensferklearrings nei Dútslân ta brocht. De administraasje fan de man is dizze wike yn beslach nommen troch de Algemiene Ynspeksjetsjinst (AID).

De AID hat ek op plakken yn Gelderlân hûssikings dien. De kontrole op dongferfier is strang om fersprieding fan besmettelike syktes foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)