Snits: unike houten fiadukten

© Omrop Fryslân
Oer de A7 by Snits komme twa houten fiadukten. Neffens de opdrachtjouwers en de arsjitekten binne it de earste houten fiadukten yn 'e hiele wrâld. Ien komt by de Akkerwinde. Hy ferbynt de wyk Duinterpen mei de stêd. De oare ferskynt by de Molenkrite om de wyk Tinga mei de stêd te ferbinen.
De beide fiadukten soargje der mei it akwadukt yn de Geeuw foar dat it ferkear maklik om Snits hinne kin op de fjouwerbaans-dyk.