Soad respons sûnensûndersyk ATF

© Omrop Fryslân
It sûnensûndersyk fan de GGD nei oanlieding fan de ATF-brân by Drachten hat in hege respons opsmiten. De brân is tongersdei presys fiif jier lyn bard. Der binne 300 formulieren ferstjoerd en dêrfan binne der 125 ynfold weromkommen.
Neffens deputearre Baas wurde nei alle gedachten noch dizze moanne de resultaten bekend. Dan wurde alle minsken dy't de formulieren ynfold ha ynformearre troch provinsje en GGD.