Nuvere meneuvels mei in buis

12 maaie 2005 - 11:29

Twa manlju mei in buis hawwe woansdei foar problemen soarge op De Brol yn it sintrum fan Ljouwert. De buis wie 10 meter lang. De manlju woene de buis oer trije auto's hinne tille. Dêrby makken se it dak en de motorkap fan twa auto's stikken.

De plysje hâlde it twatal oan op De Weaze. De Snitser (28) en de Ljouwerter (38) krigen in bekeuring foar baldadich gedrach. Se hiene ek gjin identiteitsbewiis by harren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)