Himpkwekerij yn Tsjummearum

12 maaie 2005 - 11:02

De plysje hat woansdei yn Tsjummearum in himpkwekerij ûntromme. It giet mei-inoar om 450 planten. Trijehûndert dêrfan stiene yn in sliepkeamer en op 'e souder stiene nochris 150. De kweekynstallaasje seach der tige profesjoneel út.

De 33-jierrige bewenner fan it hûs wie net thús by de plysjeynfal. De plysje hat in buertûndersyk dien. Enerzjybedriuw Nuon docht oanjefte fan it stellen fan stroom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)