Hurdfytsoerwinning De Haan

© Omrop Fryslân
Folkert de Haan fan Grins waard woansdeitejûn de winner fan de Ronde fan It Hearrenfean. Yn dit earste kritearium fan it seizoen op Fryske grûn wie de Fries om utens yn de einsprint rapper as Sierd Steigenga fan Eksmoarre. Sieger Haakma waard yn syn eigen wenplak tredde.
Op it fjirde plak einige Maint Berkenbosch fan Aldeberkeap, Germ van der Burg fan Folsgeare waard sechde en Lieuwe Westra fan Mûnein sande.