Brânoefening op Brekken

© Omrop Fryslân
Op de Grutte Brekken by De Lemmer is woansdeitejûn in rampoefening hâlden. Derby wiene 85 helpferlieners yn it spier. Yn it draaiboek fan de oefening wie in brân op in frachtskip beskreaun, mei sân slachtoffers.
Brânwachtkorpsen út Ychten, Koudum, De Lemmer, Mantgum en Koudum diene mei. Fierder wie der in boat fan de provinsje oanwêzich en ek minsken fan de KNRM en de plysje. Neffens de brânwacht is de oefening goed ferrûn.