Jeugdhonk Harkema moat fuort

© Omrop Fryslân
It jeugdhonk by de sporthal op 'e Harkema moat ferdwine om't it der yllegaal delset is. Boppedat foldocht it ûnderkommen net oan de easken foar bygelyks brânfeiligens.
In groep jongerein is no yn aksje kommen om it honk te behâlden. Se komme dêr al sûnt in jier gear. De jongeren wolle mei de wethâlders prate. Neffens de groep hat it honk noait oerlêst foar de buert opsmiten.