Alders: behear kanalen behâlde

12 maaie 2005 - 09:47

De provinsjes Fryslân en Grinslân fine dat sy it behear oer de haadfarwegen fan beide provinsjes behâlde moatte. It Ryk is lykwols fan miening dat alle grutte kanalen fan Nederlân ûnder behear fan it Ryk komme moatte, om't it Ryk ek it measte jild yn de kanalen ynvestearret.

Neffens kommissaris Alders fan Grinslân pakt it plan fan it Ryk miljoenen euro's djoerder út foar sawol it Ryk as de beide provinsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)