Skatebaan net wolkom

12 maaie 2005 - 06:51

It liket hieltyd dreger te wurden foar de gemeente Achtkarspelen om in plakje te finen foar de skatebaan yn Surhústerfean. Op alle plakken dêr't de gemeente de baan pleatse wol, kinne se rekkenje op grutte wjerstân fan omwenners.

Dat is ek sa op de nije en definitive lokaasje, de hoeke fan de strjitten De Omloop en De Wijk oan de súdkant fan it doarp. De bewenners binne der net bliid mei. Se ferwachtsje in soad oerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)