Karstkarel beskriuwt doarpen

© Omrop Fryslân
Fan alle 419 doarpen yn Fryslân is fan woansdei ôf in beskriuwing te finen yn in nij boek fan histoarikus Peter Karstkarel. It boek moat in ynspiraasje wêze foar bouwers en planners fan doarpen. Der stiet net yn hokker doarp it moaiste of it raarste plak is. Wol analysearret Karstkarel de min- en pluspunten fan de doarpen.
Syn ynformaasje krige er ûnder oaren troch praatsjes te meitsjen mei bewenners.