Väyrynen wol fuort by Heerenveen

11 maaie 2005 - 22:40

Heerenveen-spiler Mika Väyrynen hat in oanbod foar in nij kontrakt van SC Heerenveen njonken him dellein. De 23- jierrige Finske middenfjilder wol graach in stapke hegerop. Neffens syn saakwaarnimmer, Van Ginkel, stiet de spiler yn de belangstelling fan ûnder oaren PSV en in klub út it bûtenlân.

PSV wol graach mei Väyrynen prate. Mar dan moatte de klubs it earst iens wurde oer de transfersom, seit Van Ginkel. It kontrakt fan Väyrynen rint yn 2006 ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)