Dichtbondel foar behâld potfisk

© Omrop Fryslân
Mei de opbringst fan it útjaan fan in dichtbondel moat it preparearjen fan de oanspielde potfisk op Flylân diels betelle wurde. Ferline jier juny spielde der in potfisk oan op Flylân. Der is 35.000 euro nedich foar it preparearjen fan it skelet. In grut part dêrfan is troch donaasjes en sponsors al binnen.
De Stichting Potvis Vlieland wol de lêste 13.000 euro fertsjinje mei de ferkeap fan in dichtbondel.