Mear rjochtbanksaken yn 2004

11 maaie 2005 - 16:47

De rjochtbank yn Ljouwert hat yn 2004 mear saken behannele as yn foargeande jierren. Dat hat foaral te krijen mei it tal frjemdlingesaken, dat mei 300 persint tanaam is. Ek it syktefersom fan de meiwurkers is omheechgien.

De rjochtbank sil ûndersykje oft der in ferbân is tusken de taname fan it tal saken en it hegere syktefersom. Boppedat wurdt neitocht oer maatregels om it syktefersom werom te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)