'Nije kontrôle-kommisje nedich'

11 maaie 2005 - 16:03

De provinsje en de gemeenten moatte yn de takomst kontrolearre wurde troch in ûnôfhinklike kommisje. Dat fynt in groep steateleden, dy't ûndersyk dien hat nei de bestjoerskwaliteit fan Fryske oerheden.

De kommisje moat gemeenten en de provinsje kontroleare op bestjoerlik mêd, mar ek stimuleare om yn de takomst effektiver te wurkjen. It foarstel fan de steateleden wurdt yn juny bepraat yn Provinsjale Steaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)