Ekstra jild foar Fryske kultuer

© Omrop Fryslân
Oerol, Tryater, museum it Princessenhof en het Noord Nederlands Orkest krije ekstra jild fan it ryk. Dat die tiisdei bliken by de ûndertekening fan it Cultuurconvenant 2005-2008. Yn dat konvenant steane de ôfspraken tusken it ryk, de noardlike provinsjes en de gemeenten Grins en Ljouwert.
It Noordelijk Film Festival krijt ta spyt fan deputearre Mulder gjin jild fan it ryk. Mulder wie ien fan de ûndertekeners fan it konvenant.