Trije moanne foar Jacob van A.

© Omrop Fryslân
De 57-jierrige ynwenner fan Tweede Exloërmond yn Drinte dy't fertocht waard fan meiplichtigens oan de ûntfiering fan Lusanne van der Gun hat fan it Ljouwerter gerjochtshôf in legere straf krigen. Hy is feroardield ta trije moanne hechtenis; der wie sân moanne sel easke.
Earder feroardielde de rjochter de man foar meiplichtigens, om't er net yngrypd hie nei't hy al wist dat Simon S. út Ryptsjerk Lusanne ûntfierd hie.