Fetter-saak yn juny behannele

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige Ljouwerter, dy't fertocht wurdt fan it om it libben bringen fan Manuel Fetter, moat tongersdei 23 juny foar de rjochter ferskine. Dan wurdt de saak tsjin him ynhâldlik behannele. Dat hat syn advokaat bekend makke.
Ein maart moast de fertochte ek al foarkomme, doe waard besletten earst noch in tal tsjûgen te hearren. Manuel Fetter waard septimber 2004 deastutsen yn de Grote Hoogstraat yn Ljouwert.