Sportplannen Lemmer opnij besjen

10 maaie 2005 - 14:20

De plannen foar de sportparken op 'e Lemmer binne op in sêft sin set, om't de riedsleden op syk wolle nei in bettere oplossing. Fuotbalklubs Lemmer Bentex en CVVO hawwe beswieren tsjin de plannen fan it kolleezje. De politisi wolle no mei de sportklubs om tafel. Ek stekt it de politisi dat de plannen al as definityf presintearre binne.

Der soe genôch tiid wêze foar in goede oplossing, om't it azc yn 2007 ticht giet. Dy romte komt frij foar de sport.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)