Nije rekordpoging treinreizgjen

10 maaie 2005 - 14:06

Fiif studinten fan de oplieding Ferkearskunde fan de NHL yn Ljouwert besykje nije wike woansdei it rekord treinreizgjen te ferbetterjen.

De fiif studinten stappe nachts yn Heemstede op de trein, om hast fjouwerentweintich oeren letter, op it stasjon fan Stienwyk wer út de trein te stappen. Se wolle yn de tuskentiid 1271 kilometer ôflizze oer it spoar. Dat is fyftjin kilometer mear as it âlde rekord út 1986.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)