Ekskuzes foar beskuldiging

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen hat de eigner fan leanbedriuw Luimstra fan Surhuzum ekskuzes oanbean. De gemeente hie Luimstra de skuld jûn fan it roaien fan in elzesingel, mar dat wie net terjochte.
It kolleezje tocht dat der gjin fergunning foar ôfjûn wie en dat de beammesingel yllegaal roaid wie. No docht bliken dat der hielendal gjin beammesingel stien hat. Fandêr ekskuzes foar de ûnterjochte beskuldiging.