Steankaravan nei 35 jier fuort

10 maaie 2005 - 12:22

In steankaravan yn Dolsterhuzen moat nei 35 jier fuorthelle wurde. De karavan stiet al sûnt 1970 op it hiem fan de hear Vellinga en waard al dy tiid tastien.

Der jildt lykwols in nij bestimmingsplan. By fernijing 'ferfalt it objekt', sei wethâlder Wesselius moandei yn in kommisjegearkomste fan de gemeente Lemsterlân. Guon riedsleden wolle no dat de gemeente oare steankaravans ek streng oanpakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)