Gjin muzyk mear by SC Joure

10 maaie 2005 - 12:15

Op de fjilden fan SC Joure oan de Hege Simmerdyk op 'e Jouwer mei tenei gjin muzyk mear draaid wurde. Foar, tidens en nei fuotbal- en kuorbalwedstriden moat it stil wêze, sa waard moandei bekend makke yn de riedskommisje fan de gemeente Skarsterlân. It is wol mooglik om tolve kear in ûntheffing te krijen.

Omwenjenden kleie al jierren oer lûdsoerlêst. Ut mjittingen hat bliken dien dat SC Joure yndie faak oer de lûdsnoarm giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)