Kelder foar argyf Ljouwert

10 maaie 2005 - 10:50

Ljouwert krijt der yn de binnenstêd mooglik noch in grutte kelder by. Dy nije kelder komt by it nij te bouwen Historisch Centrum Leeuwarden oan de Grienewei. Yn de kelder sil de gemeente Ljouwert al syn argyfmateriaal opslaan.

Ek wurdt der neist it gebou fan Tresoar in soart fan fleugel boud. Dêr moatte de kantoaren fan it Ljouwerter argyf komme. It ûntwerp moat der ta liede dat der in heldere tagong ûntstiet nei de Prinsetún.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)