Foljeballers Snits promovearje

© Omrop Fryslân
De foljebalmanlju fan Snits binne promovearre nei de earste divyzje. Moandeitejûn soene de Snitsers dêr yn Zeist noch om spylje, tsjin it twadde team fan de Rotterdamske lânskampioen Nesselande.
Mar omdat Longa'59 út Lichtenvoorde de ploech út de earste divyzje weromlutsen hat, hoecht de wedstriid net mear spile te wurden. De Snitser manlju meie sadwaande takom seizoen op it ien nei heechste nivo útkomme.