Gjin nijbou foar De Claercamp

© Omrop Fryslân
Kristlike basisskoalle De Claercamp yn Gerkeskleaster wurdt nei alle gedachten ferboud. Nijbou is te djoer, sa stiet yn in notysje fan de gemeente Achtkarspelen. Boargemaster en wethâlders wolle dat der ûndersyk dien wurdt nei de kosten fan ûnderhâld en renovaasje fan it gebou.
Is dat te djoer, dan kin der altyd noch foar nijbou keazen wurden, seit it kolleezje. De Claercamp is 46 jier âld en it gebou hat te krijen mei lekkerij.