Fûgelnêsten leechhelle

© Omrop Fryslân
Fûgelwachters út Kollumersweach ha om 'e nocht it lân yn west om de nêsten fan skriezen en tsjirke te markearren, sa liket it. Allinnich al yn de lêste pear dagen binne der mear as tweintich nêsten leechhelle.
De fûgelwachters hiene stokjes by de nêsten set om foar te kommen dat de aaien by boeren yn de gersmeander bedarje. It gebeurt lykwols hieltyd faker dat de nêsten leechhelle wurde nei't der stokjes by set binne.