Minder ynteresse yn wettersport

© Omrop Fryslân
Fakânsjegongers ha yn de maaiefakânsje folop gebrûkmakke fan bungalowparken en kampings. De boekings by wettersportbedriuwen binne lykwols achterbleaun by de ferwachtings.
De wettersportbedriuwen ha in soad konkurrinsje fan goedkeape fleanreizen nei Súd-Europa. Promoasjeburo Friesland Marketing wol de reklamekampanje foar de simmer oanpasse. Benammen jongerein moat ynteresseard wurde foar bygelyks sylfakânsjes.